Badeintsjes swimme foar goed doel

In aksje mei 4.000 badeintsjes hat sneontemiddei op It Hearrenfean 17.000 euro opsmiten foar it Foppe Fûns. It inisjatyf kaam fan JCI Hearrenfean. Dat is in serviceclub fan jonge aktive minsken oant 40 jier út de buert fan It Hearrenfean, dy't maatskiplike aktiviteiten organisearret.
De eintsjes swommen yn it Amalia van Oenemapark en waarden foarút holpen troch in spuit fan de brânwacht. Se moasten in lyts stikje ôflizze.
Bliid
Foppe de Haan wie hiel bliid mei it bedrach. It jild sil brûkt wurde foar it saneamde 100 PK projekt. Doel dêrfan is yn alle gefallen hûndert bern mei in beheining yn kontakt te bringen mei de hynstesport.