6500 kilo swier fjoerwurk pakt

03 jan 2012 - 10:57

De Fryske plysje hat yn de oanrin nei âld en nij mei-inoar 6500 kilo fjoerwurk yn beslach nommen. It grutste part dêrfan wie swier yllegaal fjoerwurk. Dat waard fûn yn Dokkum, Moddergat en Haulerwyk. Dêrfoar binne sân minsken oanhâlden.

Fierder is de yllegale opslach fan 62.000 kilo fjoerwurk ûntdutsen yn Grou, dit wie fan in transportbedriuw út Snits. Dy hie it guod fan in fabryk ophelle en hie tastimming om it tydlik op te slaan yn Snits. It útsuteljen slagge net gau genôch en dêrom moast it bedriuw it guod werombringe nei it fabryk dêr't it weikaam. De eigner krige wol in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)