650 nije stipers Alde Tsjerken

06 feb 2011 - 15:54
  • De groate kerk yn Sint Jabik

De donateuraksje fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken hat 650 nije leden opsmiten. Dat is in lytse 1000 minder as ferwachte. De aksje wie opset fanwege it 40-jierrich bestean fan de stichting. Mei eksposysjes, optredens en rûnliedings yn de tsjerken waard besocht om stipers te krijen. De stichting hat no in lytse 4000 leden.

Doel is troch it útjaan fan 10.000 tydskriften der noch 1000 leden by te krijen. De resultaten waarden snein presentearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)