Ljouwerter fioeliste Cuun Koek spilet by finale EK fuotbal

09 jul 2016 - 13:47
  • Fioeliste Cuun Koek fan Ljouwert

In Frysk tintsje sit der snein oan de finale fan it EK fuotbal yn Parys. De 21-jierrige fioeliste Cuun Koek fan Ljouwert spilet mei yn in grut orkest dat foar de wedstriid it offisjele EK-liet spylje sil. Dat bart foardat de teams it fjild opkomme foar de folkslieten.

Koek is mei de organisaasje yn kontakt kommen fia it ensemble dêr't se yn spilet. Yn it produksjeteam fan it EK-liet sieten minsken út Nederlân dy't it ensemble koene en sa kaam fan it ien it oare. Se hopet dat se nei it muzyk meitsjen ek de wedstriid yn it stadion sjen kin.

Cuun Koek is entûsjast: "Fantastisch, één groot avontuur om dit te mogen doen". Neffens har is it muzykwrâldsje lyts en kamen de Nederlanners dêrom al gau út by har ensemble. "Maar het is natuurlijk een enorme eer om mee te doen", sa seit se. Earder spile se by it Frysk Jeugd Orkest. Ek fioelist Douwe Nauta fan Ljouwert docht mei.

It EK-liet is makke troch de Frânske dj David Guetta yn gearwurking mei de Sweedske sjongeres Zara Larsson en hjit This One’s For You.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)