Deadlik firus treft ek kninen yn Fryslân

09 jul 2016 - 13:14

Ek út Fryslân komme meldingen fan in deadlik kninefirus. It giet om it saneamde VHD-firus. De kninesykte is hiel besmetlik en wurdt ferspraat troch direkt kontakt tusken kninen. Yndirekt wurdt it firus trochjûn fia urine, wetter, iten, hannen en hokken. Ynsekten kinne it ek oerbringe.

Kninen dy't de sykte hawwe krije koarts, wurde hiel benaud en gean binnen twa dagen dea. De sykte is net besmetlik foar minsken. 

Der is wol in faksin, mar minsken litte faak net ûndersykje wêr't in knyn oan deagien is. Dêrom is it faak net dúdlik oft it om it VHD-firus gie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)