Húshâldens Smellingerlân skiede ôffal sekuer

Wêr rinne minsken tsjinoan as se harren húshâldlike ôffal maksimaal skiede? Om dêr efter te kommen ha 142 húshâldens yn de gemeente Smellingerlân hûndert dagen lang harren ôffal sa goed mooglik skieden. Sneon is de lêste dei.
De dielnimmers joegen alle dagen troch hoefolle gram se hiene fan de fjouwer ferskate ôffalstreamen gft, papier, plestik en restôffal. As alles hiel krekt skieden wurdt bliuwt der net folle restôffal oer.
Henny Veenstra fan De Wylgen hat ek meidien oan de aksje en hat nei oanlieding dêrfan noch wol wat tips foar de gemeente Smellingerlân. Se hopet dat der bygelyks mear dien wurdt oan it skieden fan ôffal op strjitte. Minsken moatte thús alles krekt skiede, mar op strjitte wurdt al it ôffal meastentiids yn ien bak smiten.
Ek soe se graach sjen dat de gemeente Smellingerlân úteinset mei in kontenersysteem foar plestik. Op dit stuit wurdt it plestik ôffal yn grutte sekken dien. Dy wurde geregeld iepen skuord troch bisten.