Wergea fiert feest mei twa opknapte brêgen

09 jul 2016 - 12:37

Twa brêgen yn Wergea binne sneon offisjeel yn gebrûk naam. It doarp hat der hiel lang op oantrune dat de problemen oanpakt waarden mei de Grutte Brêge en de de Fouderingbrêge. Fan 'e maitiid is alles oplevere, mar sneon wie it dus feest.

Sa'n tweintich jier lyn die al bliken dat de brêgen eins fersliten wienen. De gemeente Boarnsterhim dêr't Wergea doetiids noch by hearde hie eins it jild net om se op te knappen. Dêrtroch drige de trochfeart fan wettersporters yn it doarp te ferdwinen en dat seagen de Wergeasters hielendal net sitten.

No't Wergea by de gemeente Ljouwert heart, is it dochs noch klear kaam. Noch net al it wurk is dien. Der wurdt noch ien brêge opknapt en der wurdt besocht in sloeperûte wat breder te meitsjen.

Trefwurden: 
brêge Wergea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)