Publyk kiest winner moaiste sânskulptuer yn Snits

It publyk is dit jier de sjuery by de fjirde edysje fan it sânskulptuerefestival yn Snits. Oare jierren waard dit noch dien troch in fakkundige sjuery. De organisaasje wol it publyk mear belûke by de einútslach. Dêrneist hopet de organisaasje dit jier op 60.000 besikers, dat soe in groei fan 10.000 besikers betsjutte.
Neffens Alec Messchaert fan de organisaasje wurdt it festival hieltyd populêrder. Dit jier is der mar leafst in miljoen kilo sân beskikber foar de skulptueren. It tema fan dizze edysje is 'Reis door de Tijd'.
De bylden fertelle in ferhaal fan de prehistoarje oant de takomst. It festival is iepen oant en mei 25 septimber.