Swimmen by Frysman Triatlon dreech troch hege weagen

09 jul 2016 - 11:38

By it Reaklif yn Gaasterlân wurdt sneon de twadde edysje fan de Frysman hâlden. It giet om in folsleine triatlon, dus 3,8 kilometer swimme, 180 kilometer fytse en in maraton fan 42,2 kilometer hurdrinne. Der binne sa'n 70 dielnimmers. It startskot waard lost troch Alvestêdetochtwinner Henk Angenent.

It swimmen wie dreech foar de dielnimmers, fanwegen de hege weagen dy't der stiene. Dat ûnderdiel hat dan ek mear tiid nommen as ferwachte. De organisaasje tinkt dat de earste dielnimmers tusken fjouwer en fiif oere by de finish wêze sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)