Kafeemeiwurker mishannele op It Hearrenfean

09 jul 2016 - 11:26

In meiwurker fan in kafee oan de Gedempte Molenwijk op It Hearrenfean is freedtenacht mishannele. Yn de bar kaam in man dy't frege oft de meiwurker even bûten komme woe. Nei't er nei bûten stapte, waard er fuortendaliks slein en rekke er út de tiid. Doe't hy wer bykaam, wie de dieder fuort.

It slachtoffer hie ferwûningen oan de earm en by syn each. It like derop dat hy stutsen wie mei in mes. Hy is nei it sikehûs brocht foar behanneling en koe dêrnei wer nei hûs. De plysje tinkt te witten wa't de dieder is en ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)