Kollum: "Ofbliuwe"

09 jul 2016 - 09:05
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

"De Dutch Solar Challenge wie fan 'e wike. Oan de namme te hearren in echt Frysk evenemint. Kloppet. We ha it hjir betocht. We ha no ienris in kwak wetter wêrop dy dingen farre kinne en dan hoege se ek net benaud te wêzen dat se ôfdriuwe as se gjin sinne-enerzjy mear ha, de wâl is oeral tichteby. Dy boatsjes farre fol sinne-eleminten en sûnder kajepûtoalje. En wy binne in o sa duorsume provinsje. Wat bin wy ferskriklik duorsum. It is hast safier as ien earne yn de wrâld it wurd enerzjy mummelet, dan stiet der daliks in Fries njonken en dy seit, come to ús, we are duorsum. Watte, ik ha begrepen dat Crone de kroegen nachts ticht dwaan wol yn Ljouwert, om't soks enerzjysuniger wêze sil. En de lêste protestearder tsjin wynmûnen wurdt nije wike oppakt en yn de Blokhúspoarte smiten om foar straf te koarkjebreidzjen yn kulturele haadstêd ferbân. Sorry, mar dat moast der efkes út.

Dy Dutch Solar Challenge, it Fryske evenemint is fan it jier begûn yn Amsterdam. En dêr kaam dus ek alle publisiteit wei. Al dy krante- en radiomantsjes hoegden no net nei Fryslân te fytsen. Se koenen gewoan yn Amsterdam bliuwe. The Dutch Solar Challenge Boats giene in dei letter pas nei Fryslân. Doe kaam der in knoarre wyn en dan moatte dy dinkjes net farre. Mar se wiene yn elk gefal ferstanniger as dy Belgyske skipper, mei iepen lûken en wynkrêft 7 oer de Iselmar. No dus yn ’e grûn by Starum.

Bin ik wer fan de Dutch Solar Challenge ôftoutere. Ik bedoel, der komt aanst dochs in winner yn de Ljouwerter Prinsetún oan en dan stiet inkeld Omrop Fryslân dêr mei in telefoantsje wat fotootsjes te meitsjen. De Ljouwerter Krante docht it fierder telefoanysk ôf. Der is ús wer in evenemint ôfnaam. De oare media ha yn Amsterdam west.

We ha alris hân dat Tryater in wike lang alle Tryaterstikken yn datselde Amsterdam opfierd hat. Dat hat Tryater noch nea yn har eigen Fryslân dien. Wy krigen inkeld in lange jubileumfoarstelling dy’t sa dreech wie dat we nei ien fan de trije parten al oer de meuch wiene.

De IFKS hâldt yn juny mei in grut tal skûtsjes ta yn Rotterdam. Dêr krije dy skippers noch al wat jild foar, lit my it mar foarsichtich sizze. Mar as je dy minsken dêr hearre is it skûtsjesilen tenei altyd yn Rotterdam. O ja, simmers skine dy dingen ek noch in slachje yn Fryslân te dwaan.

In evenemint is inkeld in evenemint dêr’t it evenemint ûntstien is. Oars is it ûnsin. De Vuelta yn België, de Tour yn Utert, de Giro yn Nijmegen. En dan de kuierfjouwerdaagse fan Nijmegen wer begjinne mei in ekstra etappe yn Ljouwert. Aanst is de earste ronde fan Wimbeldon yn Timbûktû, en de start fan de Formule Ien fan Monako yn Grins.

No ja lit se. Mar wy moatte de Fryske eveneminten yn stân hâlde. Inkeld dat ferhipte jild. Ik ha begrepen dat der al jild bean is troch Enkhuzen om de Alvestêdetocht dêr te starten, dan oerstekke nei Starum, en dan de normale rûte. De finish dus yn Sleat, dan hoege we ek net mear oer de Luts. As Sleat net genôch betellet dan wol Lelystêd de finish wol ha. Net dwaan Wiebe, net dwaan. Ek al kinst dan 100.000 man starte litte, net dwaan. De Alvestêdetocht is fan ús. It keatsbûn hat in bod fan 3 miljoen krigen om de PC yn Hellevoetssluis te hâlden. Ik wit wol, der komt gjin hûn mear nei Frjentsjer, mar lit ús âlde tradisjonalisten dochs moai yn de Bogt fan Guné slommerje. Ek net dat wrâldkampioenskip reedriden yn 2018 yn Amsterdam hâlde op keunststof platen. Dat heart yn it nije Thialf, seker yn it jier dat we kulturele haadstêd binne.

Dêroer sprutsen. Net elkenien is dêr sa heul bot oer út de skroeven. Mar as dan Grinzer politisy fan 'e wike sizze dat se ek meidwaan wolle, want dy Dútsers ride yn 2018 dochs troch Grins nei Ljouwert, en dan kin we it ek wol noardlik neame, dan stean we yn ien klap wer efter ús KH18. En as dat al ôfbrutsen wurde moat, dan kin we dat rêstich oan Sander en Sietske oerlitte."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)