SBB Skylge kin alve helpboskwachters ynsette by drokte

09 jul 2016 - 08:34

Op Skylge ha yn totaal alve assistint-boskwachters freed harren diploma krigen fan Steatsboskbehear en opliedingsynstitút Helicon. Steatsboskbehear hat yn de simmer te krijen mei krapte yn de besetting. Sa binne se foarich jier op it idee kaam foar in opliedingstrajekt foar eilanners.

De alve assistinten wurde ynset yn drokke perioaden, bygelyks as gasthear of gastfrou op it terrein en by publyksaktiviteiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)