Nij protokol opset foar feeferfier by ekstreme temperatueren

09 jul 2016 - 08:22

Foar it ferfier fan fee by ekstreme temperatueren is in nij protokol yngien. Dizze foarskriften binne opset troch TLN Saveetra en Vee & Logistiek Nederland. It protokol hâldt ûnder oare yn dat der minder bisten tagelyk yn in frachtwein ferfierd wurde meie en dat it ferfier earder op de dei dien wurde sil.

Boppe de 35 graden mei der net mear riden wurde en der wurdt ek advisearre om hielendal gjin fee te transportearjen nei Turkije yn de moannen july en augustus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)