Ferkear moat rekken hâlde mei wurk oan N31

Ferkear op de N31, de Wâldwei, moat dit wykein rekken hâlde mei wurksumheden. De rydbaan tusken Nyegea en Garyp is ôfsletten út de rjochting fan Drachten. De ôfritten nei Garyp en Ljouwert-East binne ticht. Dat duorret oant moandeitemoarn fiif oere. It ferkear wurdt omlaat.
En der is noch mear wurk oan dy N31: sneontejûn om sân oere wurdt de rydbaan tusken Werpsterhoek en de ôfslach Ljouwert-East ôfsletten. It folsleine oersjoch fan alle wurk op de N31 is te finen op de webside "Van A naar Beter.nl".