Pieter de Kroon teloarsteld oer gong fan saken by Caparis

09 jul 2016 - 11:46
  • It filiaal fan Caparis yn Ljouwert
  • Harm en Pieter de Kroon

De kandidaat fan de ûndernimmingsried fan Caparis, Pieter de Kroon fan Wynjewâld, is teloarsteld oer de gong fan saken by Caparis. Hy hie graach yn petear wollen mei de ried fan kommissarissen en moat noch altyd riede nei de reden fan harren wegering him ta te litten ta de ried.

Neffens De Kroon hat hy in skerp mar goed petear hân mei de leden fan de rfk en foarsitter Robert Veenstra. Dêrnei krige hy lang neat te hearren en wie der ynienen in saak by de ûndernimmingskeamer. Neffens de ried soe syn 'governance' net goed wêze.

Ynternasjonale priis

Pieter de Kroon is krektlyn beneamd ta foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan de KNSB, it reedrydbûn. Hy wûn yn 2014 in ynternasjonale priis mei syn wize fan bestjoeren by de Vanboeijen Klinyk yn Assen, dy't hy nei drege tiden wer yn goeie banen krigen hat.

Ek is hy teloarsteld yn it gedrach fan de PvdA-wethâlders yn guon fan de Caparisgemeenten. Hy begrypt net dat dizze wethâlders net mear ear hawwe foar it lûd fan de wurknimmers en de ûndernimmingsried. De Kroon is 47 jier lid fan de PvdA.

Buro de Vries

Pieter de Kroon fertelt oer syn teloarstelling yn Buro de Vries dat sneontejûn om 22 oere en sneintemoarn om 11 oere útstjoerd wurdt op Omrop Fryslân Radio. Yn it programma in portret fan Pieter en syn âldere broer Harm de Kroon, dy't jierrenlang bestjoerder wie yn de agraryske sektor en riedslid is yn de gemeente Ljouwerteradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)