Twa nije fuotgongersbrêgen yn Snits

Winkelstrjitte Grootzand yn Snits hat sûnt freedtemiddei offisjeel twa nije fuotgongersbrêgen derby. Neffens Tineke Wijbenga fan de wurkgroep wie dit bot nedich. Wijbenga seit dat hjirmei in wichtige ferbining lein wurdt yn it winkelhert fan wetterstêd Snits. Benammen de leefberens fan it gebiet soe hjirtroch ferbettere wurde moatte. 'Foarhinne moasten de minsken wol hûndert meter rinne om oan de oare kant fan de grêft te kommen, dat wie net praktysk,' seit Wijbenga.
De wurkgroep hopet dat mei de brêgen ek de gesellichheid en sjarme op it Grootzand wer weromkomme en dat it winkelgebiet, dat kampet mei leechstân, in nije ympuls krijt.