SC Hearrenfean wint fan FC Emmen: 5-1

08 jul 2016 - 21:03

SC Hearrenfean hat freedtejûn yn Seisbierrum de oefenwedstryd yn oanrin nei it nije seizoen mei 5-1 wûn. FC Emmen wie de tsjinstanner. Al yn de achtste minút wie it raak troch in doelpunt fan Reza Ghoochannejhad op in moaie foarset fan Sam Larsson. Nei rom in healoere spyljen wie it dyselde Reza dy't foar de de 2-0 soarge. Dit kear nei in moaie aksje fan Younes Namli.

Krekt nei it skoft soarge Pelle van Amersfoort foar de 3-0 en flot dêrnei waard it 4-0 troch Sam Larsson en yn deselde minút 5-0 troch Slagveer. Nei in oere spyljen wiksele trainer Jurgen Streppel syn hiele ploech. Krekt foar tiid makke Emmen noch 5-1.

Opstelling earste helte: Van der Steen, Schoop, Otigba, St. Juste, Bijker, Van den Boomen, Namli, Van Amersfoort, Slagveer, Reza en Larsson.
Opstelling nei in oere: Sietsma, Marzo, Van Koesveld, Amin, Cavlan, Huizing, Thorsby, Zahovic, Zeneli, Te Vrede en Veerman.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)