Militêren ferwûne by bedriuwsûngemak op fleanbasis Ljouwert

08 jul 2016 - 19:58

Twa militêren fan fleanbasis Ljouwert binne tongersdei ferwûne rekke op de basis yn Ljouwert. Dit gebeurde by in bedriuwsûngemak yn in F-16 wurkpleats by wurksumheden oan in los noastsjil. De beide militêren binne foar behanneling oerbrocht nei it sikehûs. De Keninklike Maresjesee docht ûndersyk nei it foarfal yn gearwurking mei de ôfdieling bedriuwsfeiligens. Ek de ynspeksje fan it ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)