Besikers kinne 'it tij belibje' yn passantehaven Skylge

© Provinsje Fryslân
De Stichting Passantenhaven Terschelling hat 35.000 euro subsydzje fan de provinsje krigen foar in saneamde tijwizer foar de passantehaven. De wizer is bedoeld om it tij aktyf te belibjen. Dit kin dan troch de tijwizer yn te rinnen. De totale ynvestearring is 95.000 euro. It tij is ien fan de belangrykste kenmerken fan de Waadsee en de tijwizer lit aanst sjen hokker slinken en plakken berikber binne by in bepaalde wetterstân.
It idee fan de tijwizer komt fan havenmasters fan de passantehaven. Se krije altyd in soad fragen fan besikers en wettersporters oer it tij.