PvdA wol opheldering oer útstjit yntinsive feehâlderijen

08 jul 2016 - 19:03
  • Kij yn greide

De PvdA wol witte yn hokker gebieten fan de provinsje ynwenners sûnensrisko's rinne troch feehâlderijen yn de buert. Dit nei oanlieding fan it ûndersyk fan ûnder oaren it RIVM, it Ryksinstitút foar folkssûnens en miljeu, dat omwenners fan benammen yntinsive feehâlderijen mear lêst ha fan de luchtwegen. PvdA-steateleden Hetty Jansen en Douwe Hoogland freegje de provinsje Fryslân om opheldering. Se fine dat de sûnens en it wolwêzen fan de minsken altyd foarop stean moat.

It soe foaral gean om de útstjit fan fynstof en ammoniak. De PvdA wol fan it kolleezje fan deputearre steaten witte wat de meast aktuele gegevens binne fan dizze stoffen yn Fryslân. Ek wol de PvdA fan de provinsje witte oft se gehoar jaan sille oan de oprop fan de GGD om aksje te ûndernimmen en minsken better te beskermjen tsjin de sûnensproblemen troch feehâlderij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)