Ynwenners: Kommunikaasje Fryske Marren moat better

De kommunikaasje by de gemeente De Fryske Marren moat better. Benammen rûnom grutte projekten. Dat docht bliken út in enkête dy't de gemeente ûnder har ynwenners hâlden hat. Rom 1100 ynwenners hawwe de enkête ynfolle. Se wiene ûnder oare min te sprekken oer de gong fan saken rûnom it AZC yn Balk. Neffens de ynwenners hat de gemeente te let de miening frege fan it doarp. Wol waard troch de dielnimmers oan de enkête oanjûn dat se fine dat de gemeente earlik kommunisearret. Ek binne se tefreden oer de digitale nijsbrief.