Milou Bosscher krijt eigen soarchwenning

08 jul 2016 - 17:07

Foar de 14-jierrige Milou Bosscher fan It Hearrenfean is juster in komplete soarchwenning delsetten by de wenning fan har âlden. Milou Bosscher hat in dwerslesy oprûn by in fal op it NK trampolinespringen. De soarchwenning is ûntwikkele troch boubedriuw Scheenstra tegearre mei it Hulpmiddelen Centrum. Milou hat no har eigen sliepkeamer, dûs en wc. Ek kin se yn 'e hûs alle doarren automatysk betsjinje en kin se mei help fan in ynterkomsysteem prate mei húsgenoaten yn oare romtes.

Earder al waard troch studinten fan ROC Friese Poort in benefytdiner organisearre foar Milou Bosscher om jild foar har yn te sammeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)