Joan Leemhuis-Stout waarnimmend kommissaris yn Fryslân

08 jul 2016 - 15:14

Frou Joan Leemhuis-Stout wurdt de nije waarnimmend kommissaris fan de Kening yn Fryslân. Dat is freedtemiddei bekendmakke. Sy sil per 13 septimber begjinne, as tydlik opfolger fan John Jorritsma, dy't boargemaster fan Eindhoven wurden is. Joan Leemhuis wie earder ûnder oaren kommissaris fan de Keninginne yn Súd-Hollân. Dêr is se yn 1999 opstapt fanwege de Ceteco-affêre. Súd-Hollân bankierde yn it geheim wylst de provinsje dat melde moatten hie. Leemhuis is 70 jier en lid fan de VVD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)