Rfk fan Caparis wol wer yn petear mei ûndernimmingsried

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
It koart pleit dat de ûndernimmingsried fan Caparis oanspand hat tsjin de beneamingsproseduere fan de nije ynterim-direkteur Peter Lincklaen Arriens tsjinnet op 22 july. De ynterim-direkteur is beneamd troch de ried fan kommissarissen fan de sosjale wurkfoarsjenning. De ûndernimmingsried is dêroer net om advys frege. Neffens de rfk wie dat net nedich, mar de ûndernimmingsried bestriidt dat.
Petear mei ûndernimmingsried
In lid fan de ried fan kommissarissen, Siem Jansen, seit dat de rfk sjen sil wat se dwaan kin om it koart pleit fan tafel te krijen. Se wolle yn petear mei de ûndernimmingsried. Ek neamt hy de opsje fan in mediator. De ûndernimmingsried befêstiget dat der kontakt is oer in eventueel petear tusken de rfk en de ûndernimmingsried. Ynhâldlik wolle se net fia de media reagearje, omdat it neffens harren in ynterne saak is.
Spoedgearkomste
De oandielhâlders, de wethâlders fan de acht Caparisgemeenten besykje nije wike noch in kear by mekoar te kommen yn in spoedgearkomste. Wethâlder Jos van der Horst fan de gemeente Smellingerlân seit dat de ûntwikkelingen mekoar opfolgjen bliuwe en der hieltyd wer nije situaasjes ûntstean. It oarspronklike plan om nei it simmerreses by mekoar te kommen, is neffens him te let. Ek de ried fan kommissarissen is frege dêrby te wêzen, sa befêstiget Siem Jansen.