Blydskip ûnder personiel pjutte-opfang yn Dongeradiel

Grutte blydskip ûnder it personiel fan de pjutteboartersplakken yn de gemeente Dongeradiel no't dúdlik wurden is dat alle achttjin pjutteliedsters in fêst kontrakt krije by De Stichting Kinderopvang Friesland en ek alle opboude arbeidsrjochten behâlde meie. Mar dochs is der ek noch in soad ûndúdlik, sa sizze in tal liedsters. Se krije no in oare CAO en witte noch net hoe't it komt mei de ynfolling fan de kontrakten en it oantal oeren dat se bygelyks wurkje moatte.
In soad liedsters binne benaud dat it salaris mei in oare CAO omleech giet. Mar direkteur Jeannet van den Akker fan de Stichting Kinderopvang Friesland (SKF) seit dat se harren dêr gjin soargen oer hoege te meitsjen en it salaris bliuwt sa't it no is. ''Wij hebben bovendien veel ervaring met de overname van een kinderopvang. Ook is er veel vertrouwen in ons vanuit de gemeente Dongeradeel'', sa seit Van den Akker.
Allegear oernaam
It oarspronklike plan fan de SKF wie om in oantal pjutteboartersplakken oer te nimmen, mar úteinlik hat de stichting se no allegear oernaam. De stichting koe alle personielsleden fêste kontrakten oanbiede, wat de oare partij Kids First net dwaan koe. Dat wie in eask dy't de riedsleden ferline wike stelden yn de riedsgearkomste.