WoonFriesland renovearret wenningen op Flylân

WoonFriesland is op Flylân begûn mei de renovaasje fan 42 wenningen. Dy krije ûnder oare in nije badkeamer, keuken en in nij toilet. Dêrneist wurde de wenningen better isolearre. Santjin wenningen krije dakisolaasje en alle huzen krije isolaasjeglês.
Fierder wurde de kezinen ferfong en wurdt de boel bûtenom ferve. Yn desimber moat it wurk klear wêze.