Ekstra kommisjegearkomste yn Eaststellingwerf oer Caparis

08 jul 2016 - 12:34
  • It filiaal fan Caparis yn Ljouwert

Der komt in ekstra kommisjegearkomste yn de gemeente Eaststellingwerf oer de ûnrêst by sosjale wurkfoarsjenning Caparis. Op fersyk fan GroenLinks, ChristenUnie, D66, StellingwerfPLUS en PvdA, wurdt der kommende woansdei fergadere oer de kwestje.

De partijen fine de krisis sa slim, dat se net wachtsje wolle oant nei it simmerreses. De fraksjes wolle yn in iepen petear mei elkoar en mei de wethâlder prate oer de situaasje by Caparis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)