Wurk oan N359 by Winsum: omliedings foar ferkear

08 jul 2016 - 11:33

Ferkear op de N359 tusken Ljouwert en Boalsert moat dit wykein rekken hâlde mei omliedingen troch wurksumheden oan 'e dyk ter hichte fan de N384 Winsum. It giet om it ferfangen fan asfalt. Ferkear fan Boalsert yn de rjochting Ljouwert kin oant Wommels-noard en Spannum de N359 folgjen bliuwe. Fan dêr ôf stiet de omlieding oanjûn. By de wurksumheden wurde ek ferkearsregelaar ynsetten. It opûnthâld duorret oant moandeitemoarn 6 oere. 

Foar minsken dy't nei Dearsum of Frjentsjer moatte, feroaret der neat. Sy kinne gewoan trochride oer it fiadukt by Winsum. De wurksumheden by Winsum duorje oant oktober 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)