Man oanhâlden nei fjochterij yn Strobos

© ANP
In 20-jierrige Poalske man is tongersdeitejûn oanhâlden yn Strobos. De plysje krige in melding dat der fochten waard yn de kroech yn it doarp. It die bliken dat de Poal spul krigen hie mei in man en him slein hie mei in bierfleske. It slachtoffer hold dêr in sneed yn it gesicht oan oer.
Op basis fan tsjûgeferklearringen koe de man oppakt wurde. Hy sit fêst en de plysje docht fierder ûndersyk.