Plysje pakt man út Snits op foar mishanneling

08 jul 2016 - 10:19

De plysje hat tongersdeitejûn in 33-jierrige man út Snits oanhâlden foar mishanneling. Hy hie in 40-jierrige plakgenoat besketten mei in luchtdrukpistoal. It slachtoffer rekke dêrby licht ferwûne oan it boarst. Nei ûndersyk koe de plysje de 33-jierrige Snitser oppakke.

Yn in wenning oan de Jutrijpstrjitte trof de plysje in luchtdrukwapen mei kûgeltsjes oan. Dit is yn beslach naam. De fertochte sit fêst op it buro. Beide manlju hawwe al langer spul mei elkoar, meldt de plysje. Mooglik wie dat ek de oanlieding foar de mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)