Foodbloggers meitsje kulinêre toer troch Fryslân

08 jul 2016 - 09:54

Tweintich Nederlânske foodbloggers meitsje moandei in kulinêre toer troch Fryslân. Dat dogge se op inisjatyf fan Merk Fryslân, Smaakstad Leeuwarden en de gemeente Ljouwert. De bloggers sille by sa'n tweintich Fryske produsinten fan regionale produkten del. De earste edysje fan de foodbloggersdei rjochte him ferline jier benammen op Ljouwert en omkriten. De tweintich bloggers hawwe mei elkoar goed in heal miljoen lêzers.

Foar de kulinêre toer binne trije rûtes útset troch de provinsje. De bloggers priuwe ûnder oare Fryske winen en bieren, Fryske beannen, iis, fleis en fisk. De skriuwers sille ek it Waad op. De dei wurdt ôfsletten yn de doarpstún fan Snakkerbuorren. Dêr sille de bloggers mei elkoar in diner meitsje mei gewaaksen út de tún.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)