Begjin fan Ultra Survival Run yn Ljouwert

08 jul 2016 - 07:23

De Ultra Survival Run set freedtemoarn útein yn Ljouwert. Sa'n 35 teams út it hiele lân stean om 11.00 oere yn de Prinsetún oan de start fan dizze survivalrun. De teams moatte de kommende trije dagen in tige swier parkoers ôflizze troch fjouwer provinsjes.

De wedstriid giet fan Ljouwert nei Koatstertille. Om 15.00 oere hinne ferfolgje de dielnimmers harren parkoers yn 'e rjochting fan Marum. De striid einiget snein yn in Gelderske Beltrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)