Frachtauto bedarret njonken A7

© Foto Jaring Rispens
Op de A7 by Snits is freedtemiddei in frachtauto fan in talúd ôfriden. Dat wy by de ôfslach Lemmerwei/De Hemmen. Hoe't dat krekt barre koe is noch net bekend, de plysje docht dêr noch ûndersyk nei.
De frachtwein wie laden mei 5 ton guod. De sjauffeur rekke net ferwûne. It ferkear hie wol flink lêst fan it ûngelok. Dy frachtwein moat fuorttakele wurde. Dat wurk begjint om seis oere en duorret nei alle gedachten oant in oere as healwei alven. In diel fan de ringwei om Snits wurdt salang ôfsletten. De alternative rûte wurdt mei buorden oanjûn.