Sinnepanielen op gemeentehûs Burgum

07 jul 2016 - 21:51

De sinnepanielen op it gemeentehûs yn Burgum binne tongersdeitemiddei offisjeel yn gebrûk naam. It giet om in goede 450 eksimplaren. By de iepening wie fan de gemeente Tytsjerksteradiel wethâlder Houkje Rijpstra oanwêzich. Ek de haadoannimmer en oare belutsen partijen wiene by de iepening. Nei ôfrin wie der op it gemeentehûs in enerzjymerk. Njonken it gemeentehûs, waarden ek de sinnepanielen op sportkompleks De Wetterstins yn gebrûk naam. Dêr binne ek sa'n 450 eksimplaren pleatst.

Byelkoar leverje de sinnepanielen 190.000 kWh yn it jier. Tytsjerksteradiel hat de sinnepanielen oanskaft yn it ramt fan har duorsumheidsbelied.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)