Gearwurking helpferlieningsorganisaasjes

Trije organisaasjes op it terrein fan helpferliening oan gesinnen en kwetsbere minsken geane fan 1 jannewaris op yn ien organisaasje. De Stichting Maatschappelijk Werk Fryslân, MEE Friesland en it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid wurkje al nau gear en se binne ek al in skoft oan de gong om de nije organisaasje fan de grûn te krijen. Se ferwachtsje dat se op dizze manier better help jaan kinne oan minsken dy't dêr ferlet fan ha, as dy it sels net oprêde. De nije organisaasje is unyk yn Nederlân.
It is noch nearne slagge om soksoarte ynstellingen yn ien orgaan opgean te litten.