Needopfang Burgum klear

(argyffoto) © ANP
De needopfang yn Burgum is klear. Fan moandei 11 july ôf kinne dêr flechtlingen opfongen wurde. It is lykwols noch net dúdlik wannear't de earste flechtlingen nei Burgum ta komme. It COA jout oan dat op koarte termyn gjin grutte oantallen flechtlingen ferwachte wurde dy't yn de needopfang opfongen wurde moatte. It kompleks oan de Elingsloane is foar maksimaal 200 persoanen en foar maksimaal trije jier. De lokaasje wurdt mooglik yn de takomst ek brûkt as wiksellokaasje foar bewenners fan it azc yn Burgum.