Fryske lânbougrûn giet efterút troch swiere masines

07 jul 2016 - 19:52

De Fryske lânbougrûn giet hieltyd fierder efterút troch it gebrûk fan swierdere lânboumasinen. Dat seit ûndersiker Thomas Pollema fan de Proefboerderij Kollumerwaard.

Spesjale rydpaden foar trekkers
Pollema sjocht it leafst alle Fryske boeren oerstappen op de saneamde 'rijpadenteelt', in systeem dat de lânbougrûn minder belêstet. Spesjaal makke trekkers ride hjirby oer fêste spoaren. Biologyske boeren wurkje der al in oantal jierren mei, mar in hiel soad oare boeren noch net. 

Better foar it miljeu

Ek hoege by dizze metoade minder bestridingsmiddels brûkt te wurden. Neffens de ûndersiker fan de proefbuorkerij smyt it rydpadesysteem hegere opbringsten op, bettere ierappels en in sûnere grûn. En dat is dan wer better foar it miljeu.

Iepen dei by proefbuorkerij Muntsjesyl

Pollema sei dat tongersdei op de iepen dei fan de proefbuorkerij by Muntsjesyl. Op de pleats fan de 'Stichting Proefboerderijen van de Noordelijke Akkerbouw', wurdt ûnder oare ûndersyk dien nei bettere ferboumetoaden fan ierappels, biten, sipels, nôt en oare produkten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)