Dielnimmers Dutch Solar Challenge oankaam yn Grou

De dielnimmers oan de Dutch Solar Challenge binne oankaam yn Grou. Hjoed stie in etappe fan 60 kilometer op it programma. De teams farden fanút Drachten fia it Polderhoofdkanaal lâns Nij Beets nei Grou.
Problemen
Dat smiet fuort problemen op. Bliken die dat de slûs by Nij Beets hiel stadich draait. Earder waard de etappe fan De Lemmer nei Drachten al ynkoarte fanwege de hurde wyn.
Hieltyd rapper
De organisaasje sjocht dat de boaten hieltyd rapper wurde. Sa helle de boat fan de TU Delft juster by sprintwedstriden in snelheid fan 50,5 kilometer. Om't it wat te hurd waaide wie it lykwols net mooglik fol gas te jaan. De topsnelheid wurdt troch de studinten ynskat op 55 kilometer yn de oere.