Jierliks 100 stjergefallen troch waarmte

It is in grut gefaar foar âlderen: de hege temperatueren yn de simmer. Benammen âlderen dy't al sûnensklachten of oergewicht hawwe binne grutte risikogroepen. Dat seit miljeudokter Frans Duijm fan de GGD. Neffens him soarget it waarmteprobleem ek yn Fryslân foar likernôch hûndert stjergefallen per simmer. De grutste oarsaak is net allinnich de simmerwaarmte bûten, mar de waarmte dy't hingjen bliuwt yn it hûs sels. En dat bart al by temperatueren rûnom likernôch de 16 graden bûten.
Mear omtinken foar risiko's
Neffens de GGD is der benammen omtinken foar de waarmte mei in hjitteweach, mar ek de dagen rûnom de hjitteweach binne gefaarlik. Duijm fan de GGD fynt dêrom dat de oerheid mear dwaan moat om de hege temperatueren yn de huzen fan âlderen tsjin te gean, bygelyks troch de huzen te renovearjen. Ek de bern moatte omtinken hawwe foar harren âlden dy't noch thús wenje. Dit kinne sy dwaan troch bygelyks in fentilator te keapjen of de ruten faker iepen te setten. De âlderen dogge dit neffens de GGD sels net út eangst foar ynbrekkers of ûngedierte. De GGD advisearret de âlderen boppedat om net mear boppe yn it hûs te sliepen mar op de begeane grûn.