UWV hâldt ûntslaggen Engie tsjin

07 jul 2016 - 16:52

Utkearingsynstânsje UWV hâldt de ûntslachoanfragen tsjin fan 65 meiwurkers fan Engie services Noord, it eardere Cofely. It ynstallaasjebedriuw woe de minsken dien jaan fanwege in grutte reorganisaasje. It personiel fan de fêstigingen hjir yn it noarden hat dêr de ôfrûne moannen bot aksje tsjin fierd.

It UWV wiist de ûntslachoanfragen ôf, omdat Engie mear as 150 útstjoerkrêften yn tsjinst hat, dy't itselde wurk dogge as de fêste minsken dy't dien krije moatte soene. It bedriuw soe net genôch syn bêst dien ha om dy wurknimmers oan oar wurk te helpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)