Takom jier: Dichter fan Fryslân

Fryslân kriget takom jier in Dichter fan Fryslân. De provinsje ûndersiket op dit stuit hoe't de organisaasje der krekt út komt te sjen. Nei de simmer falt it definitive beslút. De dichter is in inisjatyf fan de PvdA en D66 yn de steaten.
Hy of sy moat de poëzy ûnder de oandacht bringen fan it grutte publyk. Der wurdt earst in foarseleksje makke en dêrnei mei it publyk kieze wa't de dichter fan Fryslân by eintsjebeslút wurdt.