DVC kin net profitearje fan spesjale kampioensflagge

07 jul 2016 - 14:00
  • In flagge makke troch de Dokkumer flaggesintrale

De Dokkumer Vlaggen Centrale hat net profitearje kinnen fan it Europeask kampioenskip fuotbal yn Frankryk. It fabryk hie in soad oarders ferwachte út België. Mar dat lân waard al yn de kwartfinale útskeakele troch Wales. De flaggesintrale hie spesjaal foar de Belgen al in kampioensflagge betocht.

Oer twa jier lizze der nije kânsen by it wrâldkampioenskip fuotbal yn Ruslân. De kwalifikaasje foar dat kampioenskip set dizze hjerst útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)