Bart Kingma nei San Sebastian foar projekt 'Oare Wurden'

07 jul 2016 - 12:59

Frysk skriuwer en telefyzjemakker Bart Kingma sil twa moanne lang nei de Baskyske stêd San Sebastian om dêr te wenjen en te wurkjen. De sjuery fan it Europeeske útwikselingsprojekt 'Oare Wurden/Other Words' hat him hjirfoar útkeazen. Kingma sil him ferdjipje yn de kultuer en skiednis fan Baskelân en dat ferwurkje yn in Fryske roman.

''Ik wie al wat langer op syk nei in mooglikheid om in part fan myn roman yn in Europeeske stêd ôfspylje te litten. Ik kin my no in pear wiken hielendal ôfsûnderje en dat is hiel moai'', sa seit Kingma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)