Slachtoffers Bosma teloarsteld

Der wie freed ûnbegryp en lilkens by de beneidielden fan oplichter Gaatze Bosma nei de útspraak yn de rjochtsaak tsjin de sakeman fan De Westereen. De stevige straf fan 4 jier sel, fine se terjochte. Mar dat se nei alle gedachten nei harren ynvestearre jild fluitsje kinne, fine se swier frustrearjend.
Om't it belizzingsbedriuw fan Bosma fallyt is, kinne se allinnich in skeaclaim by de kurator yntsjinje en dy ferpartet inkeld wat der noch oer is ûnder alle skuldeaskers. En der is hast neat oer. Bosma hat sa'n 60 minsken beneidiele.
Mei-inoar giet it om in bedrach fan miljoenen euro's. De parserjochter hat freedtemiddei de beneidielen tekst en útlis jûn oer de útspraak.