Steuring by Lorentzslûzen oplost, ferkear rydt wer

07 jul 2016 - 11:33
  • It slûzekompleks by Koarnwertersân

Ferkear oer de Ofslútdyk fan Fryslân nei Noard-Hollân moast tongersdei rekken hâlde mei fertraging. Troch in technysk probleem mei de Noarderbrêge by de Lorentzslûzen wie de rydbaan ticht. Dêrtroch ûntstie in lange file.

Rykswettersteat hat it ferkear fan beide kanten in skoftke oer de Súdbrêge laat. Om healwei ienen wie de steuring oplost en koe it ferkear wer oer de brêge. De oarsaak fan de steuring is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)