Ljouwerter oanhâlden foar poging ta deaslach of moard

07 jul 2016 - 10:26

De plysje hat woansdei in 22-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar poging ta deaslach of moard. Hy hie in 38-jierrige plakgenoat yn elkoar slein en besocht mei in mes te stekken. It slachtoffer hearde woansdeitemiddei lawaai op it dakterras boppe syn appartemint oan de Amelandstrjitte. Hy seach dat de fertochte mei in biezemstôk op de ruten sloech. De hierbaas hie de fertochte koartlyn út syn wenning yn it appartemintekompleks setten.

Doe't de Ljouwerter de man oanspruts op syn gedrach en sei dat er fuortgean moast, krige er in fûstslach yn it gesicht. It slachtoffer foel, wêrnei't de fertochte him meardere kearen tsjin de holle en boppelichem skopte. Dêrnei pakte er in mes en besocht er it slachtoffer te stekken. It slachtoffer wist dat foar te kommen. Hy slagge deryn om de fertochte nei ûnderen te wurkjen en in kaakslach te jaan.

De fertochte wist koart dêrnei út te naaien. Tsjûgen hiene yntusken de plysje warskôge. Dy koe de man oanhâlde op de Voorstreek. It mes hie er net mear by him. De fertochte is goed bekend by de plysje fanwege syn GHB-ferslaving.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)