Twatal oppakt yn Koatstertille, drugs en wapens fûn

07 jul 2016 - 09:41

It arrestaasjeteam fan de plysje hat woansdeitemoarn yn Koatstertille in 30-jierrige man en in 18-jierrige frou oanhâlden foar hannel yn drugs en wapenbesit. Nei foarûndersyk die de plysje in ynfal yn de wenning fan de Tilster. Dêr waarden ferskate drugs fûn, mar ek wapens as in pistoal, in taser en in mes.

Aginten ha it ferbeane guod yn beslach naam. De twa fertochten binne oerbrocht nei it buro. De plysje set it gruttere ûndersyk nei drugshannel yn Noardeast-Fryslân fierder troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)