Plysje kontrolearret yn Ljouwert, alve bekeurings

07 jul 2016 - 08:13

De plysje hat woansdeitemiddei yn Ljouwert ferskate snelheidskontrôles hâlden. Mei in lasergun waard der ûnder oare kontrolearre by de Kanaalwei en de Poptawei. Yn totaal trappearre de plysje alve hurdriders, in tal automobilisten ried mear as 30 kilometer te hurd.

Tsjin alle hurdriders waard proses-ferbaal opmakke, sy kinne in bekeuring ferwachtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)