De Fryske Marren hâldt fêst oan learlingeferfier

07 jul 2016 - 01:27
  • De aksjefierders kamen earder mei 1100 hantekeningen nei it gemeentehûs

It learlingeferfier yn de gemeente De Fryske Marren bliuwt sa as it is. Alden hiene oproppen dat belied opnij te besjen. Sûnt der gebrûk makke wurdt fan sintrale opstapplakken binne der in soad klachten oer. De plakken binne net feilich genôch, foar bern mei bygelyks autisme is dat net in wurkbere situaasje. Ferûntrêste âlden ha sels in aksjegroep oprjochte.

Ut in enkête die koartlyn bliken dat der in soad klachten binne oer de opstapplakken. Wethâlder Frans Veltman nimt dy serieus. Der is ûnder oare in klankboerdgroep oprjochte foar de âlden. Veltman seit ek ta goed te sjen nei de feiligens fan de opstapplakken yn it eardere Lemsterlân. De aksjegroep hat dêr lykwols gjin fertrouwen yn. Benammen om't eardere tasizzings fan Veltman net neikaam binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)