UPDATE: Fertochte man oppakt op Saailân yn Ljouwert

06 jul 2016 - 22:58
  • It gerjochtshôf yn Ljouwert

Op it Wilhelminaplein yn Ljouwert is woansdeitemiddei om fiif oere hinne in fertochte man oppakt. Hy rûn oer it plein mei in kastke yn de hannen dat ferbûn wie oan triedden. Syn mûle wie ôfplakt mei tape en hy hie in ûntbleate boppeliif en in heuptaske, dêr't mooglik wat fertochts ynsiet. Dat fertelle in ferslachjouwer en kameraman fan RTV Flevolân, dy't op dat momint yn in live-útstjoering sieten.

De ferslachjouwer en de kameraman hienen in rjochtsaak folge en dienen dêr foar it gerjochtshôf yn Ljouwert live ferslach fan. Op de eftergrûn wie ûnderwylst te sjen hoe't de man troch de plysje oppakt en meinaam waard.

Neffens de sjoernalist soenen minsken op it terras de fertochte man rinnen sjoen hawwe en de plysje belle hawwe. 

UPDATE: De plysje meldde woansdeitejûn dat de man gjin bom by him hie, mar dat it om in 12-folts autostekker gie. De plysje docht neier ûndersyk nei it ynsidint en hat helpynstânsjes ynskeakele foar de man. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)